Caparis ferliest opnij saak tsjin direkteur Tjerk Sinnema

07 jun 2016 - 11:42

Sosjale wurkfoarsjenning Caparis hat opnij de saak tsjin de skorste direkteur Tjerk Sinnema ferlern. De rjochter oardielet dat Sinnema binnen 24 oeren nei tekening fan it fonnis wer oan it wurk steld wurde moat. Sinnema is tegearre mei in oare direkteur, Klaas Weissenbach, yn maart op non-aktyf steld troch de direksje fan Caparis. Sinnema hat dit oanfochten. Yn in foarich koart pleit krige hy al gelyk fan de rjochter. Caparis wie yn heger berop gien, mar wurdt wer yn it ûngelyk steld. 

Nij koart pleit

Sinnema hie ek in nij koart pleit oanspand tsjin Caparis. Hy hat op alle punten gelyk krigen. It bedriuw krijt in twangsom fan 2.000 euro de dei dat Sinnema net oan it wurk litten wurdt oplein.

Algemien direkteur Ben Gerrits fan Caparis woe noch net reagearje op de útspraak. Wurdfierder Sjoerd Feitsma fan de oandielhâlders, de acht gemeentes dy't partisipearje yn Caparis, wist de útspraak noch net. Hy ferwachtet tiisdei útlis fan de algemien direkteur oer wat hy mei de útspraak dwaan sil.

Trefwurden: 
Caparis Tjerk Sinnema saak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)