Greenpeace: Fryske gemeenten brûke massaal grize stroom

07 jun 2016 - 11:15

Gemeenten yn Fryslân nimme allegearre noch stroom ôf fan fossile enerzjyleveransiers. Dat konkludearret Greenpeace út ûndersyk fan SOMO. Dy ûnderfrege alle 390 Nederlânske gemeenten oer harren stroomferbrûk. En Fryslân skoart net goed, seit Greenpeace. Alle gemeenten yn ús provinsje brûke saneamde grize stroom.

Dêrby is Smellingerlân de iennichste gemeente dy't by dizze stroom wol griensertifikaten hat. Dy jouwe oan dat der njonken grize ek griene stroom ynkocht wurdt. Fan de gemeenten Tytsjerksteradiel en De Fryske Marren krigen de ûndersikers hielendal gjin gegevens.

Lanlik binne der 167 gemeenten dy't grize stroom ôfnimme, tsjinoer 108 gemeenten dy't wol grien binne. De rêst hat in kombinaasje fan beiden. By mekoar binne alle gemeenten goed foar twa prosint fan it totale stroomferbrûk yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)