Fryske bedriuwen liede sels mbo'ers op fanwege tekoart

07 jun 2016 - 10:51

Seis Fryske bedriuwen liede sels MBO-learlingen op. It giet om ûndernimmingen yn de technyk. Sy fernimme dat hieltyd minder studinten in technyske oplieding kieze en dêrtroch driget yn de takomst in tekoart oan goede wurknimmers. De bedriuwen dy't meidogge binne Leenstra BV, Staalbouw Nagelhout, Frames Heat Transfer, ROC Friese Poort Bedrijfsopleidingen, ROC Friese Poort en Randstad Techniek.

De learlingen wurde oplieden by trije ferskate bedriuwen en kinne dêrnei kieze wêr't se oan de slach wolle. Der dogge no seis learlingen mei oan dit projekt.

Trefwurden: 
learlingen technyk oplieding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)