Bernebuorkerij Doniastate yn Stiens krijt geit kado

07 jun 2016 - 10:34

De Stichting Triatlon Friesland hat in bysûnder kado foar bernebuorkerij Doniastate yn Stiens: in geit. It bist is in kadootjes om't de Triatlon stichting op sneon 25 juny in wedstriid hâldt yn Stiens. Dêrfoar wurde strjitten ôfsetten en is Doniastate net berikber. De bernebuorkerij bliuwt dêrom de hiele dei ticht.

De winner fan de jeugdtriatlon mei as ekstra priis de namme fan de geit foar Doniastate betinke. De organisaasje fan de tsiende edysje fan de Triatlon Friesland ferwachtet yn totaal mear as 600 dielnimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)