Eaststellingwerf siket âlde foto's fan Appelskea

07 jun 2016 - 10:12

De gemeente Eaststellingwerf siket âlde foto's fan skoalreiskes en útstapkes nei Appelskea. De gemeente wol de foto's brûke om de binnenkant fan de nije Bosbergtoer te beklaaien. Dy útkyktoer wurdt op it stuit boud en moat oan de ein fan de simmer klear wêze.

De foto's wurde mei de namme fan de makker en in byskrift ophongen. Minsken dy't oer de trep omheech rinne, rinne dan by in muorre fol foto's del. Yn de nije toer, dy't twa kear sa heech wurdt as de âlde, komt ek in lift.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)