Dokkumer arsjitekt Broor Adema ferstoarn

© Omrop Fryslân
De Dokkumer arsjitekt Broor Adema is ferstoarn. Hy is 73 jier wurden. Adema rjochte yn 1972 syn arsjitekteburo Adema Architecten yn Dokkum op. Syn soan Silvester naam dit yn 2010 oer, mar Broor Adema bleau wol aktyf. Hy siet yn ferskate kommisjes oer doarps- en stêdsherstel.
Sa wie er ûnder oaren belutsen by de restauraasje fan Rinsma State yn Driezum en de ferbou fan de Johannes de Doper tsjerke yn Ljouwer. Ek waard Adema faak frege om advys. Broor Adema ferstoar sneon en wurdt tongersdei begroeven.