Restauraasjewurk oan Himpenserpoldermûne is úteinset

07 jun 2016 - 07:17

De wjukken fan de Himpenserpoldermûne tusken Ljouwert en Wergea wurde tiisdei fuort helle foar in restauraasje. De fjouwer wjukken fan elts tolve meter lang wurde nei in oannimmer yn Stiens ferfierd. Yn de wurkpleats wurdt al it houtwurk fernijd om wer in skoft mei te kinnen. Ek de befêstigingen wurde oanpakt om't se ferrustke binne. Wannear't de wjukken klear binne, wurdt ek it reiden tek fan de mûne wersteld en foar in part fernijd.

De Himpenserpoldermûne is bysûnder om't er brûkt wurdt as gemaal. Dêrneist stiet yn de mûne in elektrysk gemaal wêrmei't Wetterskip Fryslân - as dat nedich is - de polder bemealle kin. De wurksumheden oan de mûne kostje goed ien ton. De Monumentenstichting Boarnsterhim is eigener fan de mûne dy't yn 1863 boud is. De finansiering fan de wurksumheden is sa goed as rûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)