3FM hâldt 'talintejacht' foar Welcome to the Village

© Omrop Fryslân, Jaap Elzes
Radiostjoerder 3FM helpt it Ljouwerter muzykfestival Welcome to the Village om in nije band te finen. It muzykfestival stjoerde moandei in tweet nei 3FM, dêr't yn stie dat se noch in plak frij hienen yn it programma.
De radiostjoerder organisearret no in soartemint talintejacht. Wa't op Welcome to the Village spylje wol, kin him opjaan by de radiostjoerder. De bêste trije dogge mei oan in wedstriid. De winner dêrfan mei spylje op in poadium fan it festival op it Griene Stjerterrein.