Sadeq moat werom nei Afganistan, skoalgenoaten lilk

Skoalgenoaten fan de 18-jierrige Sadeq Asgharzadah út Afganistan hawwe Twadde Keamerlid Lutz Jacobi om help frege. Sadeq driget it lân útset te wurden, Earder hawwe de bern ek al in petysje opset en de boargemaster fan Tytsjerksteradiel ynskeakele.
Sadeq is mei syn bruorke en heit en mem sûnt sân jier yn Nederlân, mar se hawwe gjin ferbliuwsfergunning krige. No kinne se binnen in pear wiken it lân útset wurde. Se wenje yn it azc yn Burgum en Sadeq sit yn de fyfde klasse fan it VWO fan it Drachtster Lyseum.
''Bernepardon rammelet''
It gesin hat in berop dien op it bernepardon, mar dat is ôfwiisd. PvdA-Twadde-Keamerlid Lutz Jacobi fynt dat it bernepardon oan alle kanten rammelet. It wurdt neffens har te strang tapast. "Sa wurde der ferwiten makke dy't lang net altyd klopje, lykas it net goed meiwurkjen wylst dat minsken net altyd oan te rekkenjen falt.''
De Twadde Keamer hat steatssekretaris Klaas Dijkhof no frege hoe't it bernepardon yn 'e praktyk útfierd wurdt. Boppedat is de PvdA mei GrienLinks dwaande mei in wet dy't it bernepardon op in minder strange wize tapast.