Keamerleden belibje sels it lûd fan oerfleanende F-35

06 jun 2016 - 20:07

De Twadde Keamerkommisje fan Definsje brocht moandeitemiddei in wurkbesite oan de fleanbasis yn Ljouwert en Jelsum om de F-35 sels te sjen en te hearren. De tolve Keamerleden stiene om stipt kertier oer twaen middenyn Jelsum klear om de F-35 oerfleanen te sjen.

Ien fan de Keamerleden dy't dêrby wie, is Angelien Eijsink fan de PvdA. Se is de driuwende krêft achter de mjittings dy't dien binne by de belibbingsflechten fan de F-35. Se fynt dat der in lûdsmjitnet komme moat as de F-35 (JSF) hjir aanst stasjonearre is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)