Slachtemaraton 2016 op pear punten nei goed ferrûn

06 jun 2016 - 17:25

Op in pear problemen nei is de Slachtemaraton sneon goed ferrûn. Wol wie de drokte by start en finish somtiden ferfelend. En de wetterfoarsjenning koe better, fine guon hurdrinners.

It waarme waar ferrifele de organisaasje en dielnimmers. Healwei de dei kaam de oprop oan minsken om mei wetter nei de rûte te kommen. Slachtekuierders hawwe meastentiids sels wol drinken mei, mar de maratonrinners binne ôfhinklik fan de wetterpunten ûnderweis. 

Geandewei de dei wurdt it waarmer en waarmer en it ferlet fan wetter hieltyd grutter. Ek omropper Jan Kooistra regele spontaan in wetterpunt op 22,5 kilometer. Hy hie dêr in wetterkraan sjoen en hy hie sels bekerkes by him.

De organisaasje hat gjin klachten oer de wetterfoarsjenning hân. En in útfal fan sa'n tsien persint by de hurdrinners is normaal. De fersoarging is neffens de foarskriften gien en mear wetter soe gefaarlik wêze kinne. It grutste probleem wie dat de waarmte pas de lêste pear dagen kaam, en dat de dielnimmers der net op traine koenen.

Trefwurden: 
Slachtemaraton 2016
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)