Willem-Alexander en Máxima op speeddate yn Sint-Anne

06 jun 2016 - 16:01

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima binne oer in wike op besite yn Noardwest-Fryslân. Sy sille dêr sjen hoe't it libben is yn in streek dy't troch krimp bedrige wurdt.

It keninklik pear giet ûnder oare del op skoalle Campus Middelsee yn Sint-Anne. Dêr hawwe se in 'learwurkplein' dêr't learlingen no alfêst yn de kunde komme mei ûndernimmers. Dat giet fia in speeddate. It keninklik pear lûkt dêr in oere foar út. Willem-Alexander en Máxima dogge sels ek mei. Sy hawwe der nocht yn, seit manager learwurkplein Oene Krist.

Omrop Fryslân docht moandei ferslach fan de keninklike besite.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)