Heal miljoen foar tsjerketeater Under de Toer fan KH2018

Foar de organisaasje fan Ljouwert KH2018 wie it moandei in feestlike dei. It Prins Bernard Cultuurfonds makket yn trije jier tiid in heal miljoen euro oer nei ien fan de projekten. It jild giet nei Under de Toer fan regisseur Jos Thie en Bauke Oldenhof. Keunstners wurde dêryn keppele oan 31 tsjerken en de minsken dy't dêromhinne wenje. Mei-inoar wurdt der dan in stik op 'e planken brocht dêr't in bysûnder ferhaal fan de tsjerke yn sintraal stiet.
It hiele kulturele jier 2018 wurdt yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert in stik opfierd.
De gearwurking tusken professionals en amateurs wie foar it Prins Bernard Cultuurfonds it wichtichste argumint om safolle jild te jaan. It fûns hopet dêrmei mear ynvestearrings yn Ljouwert KH2018 los te meitsjen. Foar Under de Toer betsjut it dat it no eins wol wis is dat it projekt trochgean kin.