Kabelnoord hat wer mear klanten en makket hast 8 ton winst

06 jun 2016 - 14:30

Foar it tredde jier op rige hat Kabelnoord yn Dokkum der klanten by krigen. Kabelnoord is it kabelbedriuw foar fiif gemeenten yn Noardeast-Fryslân. Yn totaal groeide it tal klanten mei 1%. De grutste groei siet by ynternet en telefoan. Kabelnoord helle in omset fan 11,5 miljoen euro. Dêrfan bleau 770.000 euro oer oan winst.

It kabelbedriuw hat dêrneist 10 miljoen euro ynvestearre yn de oanlis fan glêsfezel. Dat projekt rint noch hieltiten.

Trefwurden: 
Kabelnoord Dokkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)