Oerolgongers kinne spikerbroektinten teste

De tinte, foar in part makke fan âlde spikerbroeken © Waadferiening
De Waadferiening yntrodusearret dit jier spesjale stoarmtinten op Oerol. It giet om eksimplaren fan recycled denim. Oerolgongers meie de stoarmtinten teste. Der binne slieptinten en tinten foar groepen makke. Yn in slieptinte binne sa'n 25 spikerbroeken ferwurke. De Waadferiening fynt it wichtich dat der nije, duorsume oplossingen fûn wurde foar bûtenaktiviteiten lykas kampearjen.
It is de twadde kear dat de Waadferiening wat útfynt mei kleanfabrikant Blue LOOP Originals.
Yn 2015 betochten se ek al de Solar Parka. De tinten wurde ek nei Oerol brûkt op de Waadeilannen, bygelyks as ûnderkommen foar de waadgidsen op Teksel en Skylge.