Learlingen betinke nij fleantúch foar Singapore Airlines

06 jun 2016 - 12:37

It nijste fleantúch fan Singapore Airlines is mooglik betocht troch skoalbern fan It Hearrenfean. Groep 8 fan KBS de Burcht hat meidien oan in ûntwerpwedstriid en is troch nei de lêste trije. Tiisdei meie se it ûntwerp ferdigenje foar in kundige sjuery fan de grutte fleanmaatskippij yn Aviodrome yn Lelystêd.

Se winne 1000 euro as harren fleantúch útkeazen wurdt. Moandei wurde op de skoalle noch de lêste dingen taret foar dy grutte finaledei. Neffens de bern wie dit in leuke opdracht, mar ek wol dreech.

In fleantúch betinke dogge learlingen fansels net alle dagen. It ûntwerp fan de learlingen hat in glêzen flier en yn plak fan allegear lytse rútsjes, twa grutte ruten oan de sydkanten. Ek moat elkenien oer ynternet beskikke kinne, ek as it fleantúch yn de loft is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)