Ried fan tafersjoch foar de omroppen bekend

Rein van der Kluit út Seelân wurdt de earste foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan de RPO, de nije organisaasje fan de Regionale Publieke Omroep yn Nederlân. Van der Kluit is net ûnbekend yn Fryslân. Hy wurke jierrenlang by de provinsje Fryslân, ûnder oare yn de funksje fan kabinetssjef fan de kommissaris.
Van der Kluit wurke letter yn Seelân as haadyngenieur-direkteur fan Rykswettersteat. Van der Kluit is lid fan it CDA.
Unôfhinklik advys
De leden fan de ried fan tafersjoch binne oansocht troch in ûnôfhinklik buro. Steatssiktaris Sander Dekker hat de foardracht ien op ien oernommen, sa hat it ministearje fan OC&W bekend makke. Der sitte fiif minsken yn de ried fan tafersjoch. Oare leden yn de ried binne Maria Henneman - âld-ferslachjouwer NOS-sjoernaal - en Roeland Stekelenburg, dy't no noch lid fan de ried fan kommissarissen fan Omrop Fryslân is. Stekelenburg krijt by de RPO de spesifike opdracht om der foar te soargjen dat it Frysk goed syn gerak krijt by de RPO. De lêste twa leden fan de ried fan tafersjoch binne Babette Aalberts, in advokate dy't spesjalisearre is yn mediarjocht, en Daniëlle Jansen Heijtmajer. Sy is yn it deistich libben global process director Finance by suvelkoöperaasje FrieslandCampina.
Jan Koster is posityf
Direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân is posityf oer de earste ried fan tafersjoch fan de RPO. Neffens him giet it om in 'sterke ploech'. Koster is ek bliid dat Stekelenburg yn de ried fan tafersjoch komt.
Sykje nei direkteuren
De ried fan tafersjoch fan de RPO sil no oan de slach mei it sykjen en beneamen fan de direksje fan de nije RPO. Foar de koarte termyn sil in kwartiermakker beneamd wurde. Dy moat oan de gong mei de begrutting foar 2017 en de konsesje-oanfraach. Dy begrutting foar 2017 wurdt op himsels dreech genôch, want de 13 regionale omroppen moatte mei-inoar yn 2017 17 miljoen euro besunigje. Tagelyk stribbet de RPO neffens it parseberjocht nei in 'sterkere regionale sjoernalistyk' en in 'slachfeardiger regionale omrop'.