Fernielerij en brânstichting by 'De Swetten' yn Drachten

06 jun 2016 - 10:51

Unbekenden hawwe dit wykein besocht in dependânse fan IBS de Swetten oan de Handwerkerszijde yn Drachten yn de brân te stekken. Oan de achterkant waarden ruten ynsmiten en gerdinen yn de brân stutsen. It liket derop dat it fjoer fansels wer útgongen is. Wol binne inkele finsterbanken smolten.

De plysje tinkt dat jongeren achter de fernielings sitte. Der hinget wol faker in groep jongerein op it plein om. Dêrom hâlde plysjeminsken de kommende tiid ekstra kontrôles op it skoalplein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)