SC Hearrenfean hellet talint út Yslân binnen
SC Hearrenfean hat in 16-jierrich talint út Yslân fêstlein: Birkir Heimisson. Hy komt oer fan de klup Thór, dy't yn de twadde difyzje yn Yslân spilet.
Heimisson makke dêr op syn fyftjinde syn debút yn de earste alvetal. By SC Hearrenfean tekenet er in kontrakt foar trije seizoenen. Hy komt yn de B1 fan de Feansters.