Duo út Den Haag oppakt nei ynbraak yn pizzeria op De Harkema

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintenacht nei in syktocht twa manlju fan 25 en 31 jier út Den Haag oppakt foar in ynbraak yn in pizzeria op De Harkema. Dêr gong nachts it ynbraakalarm ôf. De plysje begong fuortendaliks te sykjen en seach efkes letter de twa fertochten yn in auto riden.
De plysje sette de manlju oan de kant en út ûndersyk die bliken dat it duo ynbrutsen hie yn de pizzeria. Se sitte noch fêst.