Joop Mulder fan Oerol fynt provinsjale easken "belachelijk"

Joop Mulder fan Oerol baalt fan de provinsje. Der wurdt op dit stuit wurke oan in keunstwurk op it Waad by Oosterend op Skylge. No komt de provinsje mei de eask dat der wurke wurde moat ûnder begelieding fan in gids mei in Waadrinbrevet. "Belachelijk", fynt Mulder. Hy snapt dat de feilichheid belangryk is, mar dat de provinsje no te fier giet. "Wij werken tweehonderd meter uit de kust en houden elkaar goed in de gaten."
Mulder hat wol kontakt hân mei in gids, mar giet foarearst gewoan troch mei it wurk.