Kollum: "Bêste steatssekretaris Wiebes"

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.
"Bêste steatssekretaris Wiebes,
Elke wike ha ik in column op de radio, mar dit kear skriuw ik in brief oan jo. Der sit my nammentlik wat dwers. Der sit my wat goed dwers, sa’t de Hûnekop dat sjongt. Jo ha tink ik noch nea fan de Hûnekop heard, mar dizze mannen witte altyd yn rake wurden te sizzen wat se tinke en fine. En dat doch ik no ek.
Begjin maaie wie der yn it nijs dat ZZP'ers it meast gelokkich binne mei harren wurk. Dat die bliken út de Job Happiness Index. Foar dit ûndersyk waarden fêste wurknimmers en freelancers frege om harren wurk in sifer te jaan. De ûndersikers konkludearren dat ZZP’ers fierwei it heechste sifer fan allegearre joegen.
Ek ik bin freelancer en bin hiel bliid mei myn wurk. In dikke njoggen soe'k myn ZZP’er-bestean jaan wolle. Mar no komt it. Jo helje dit sifer de lêste tiid flink nei ûnderen mei jo strange wetten en regeltsjes. Sterker noch: ôfrûne tiisdei sakke dy dikke njoggen as in bakstien nei in suterich seiske.
Ofrûne tiisdei krigen wy hjir nammentlik útlis oer de takomst fan ús as freelancers by de Omrop. Mei jo plannen foar in nije wet foar freelancers wurdt it nammentlik ûnmooglik foar ús om hjir noch te wurkjen. Mar litte wy by it begjin begjinne.
Sûnt 2005 wurkje hast alle ZZP'ers mei de VAR, de Verklaring Arbeidsrelatie. Mei dit dokumint wist elk wêr't er oan ta wie: sawol de ZZP'er as de wurkjouwer. Mar doe't hieltyd mear minsken as ZZP'er oan de slach gongen, knypte de Belestingtsjinst 'm in bytsje. Want as ZZP'er betelje wy gjin sosjale premies, wat betsjut dat de Belestingtsjinst jild misrint.
En doe kamen jo, hear Wiebes, mei it plan foar in nije regeling. De Wet Deregulering Beoordeling Arbeidsrelaties. It doel is om de saneamde ‘schijnzelfstandigheid’ tsjin te gean. Hieltyd mear wurknimmers wurde ûntslein troch de baas, mar kinne dêrnei as ZZP'er by dyselde baas wol wer oan it wurk. Sûnder pensjoenopbou, arbeidsûngeskiktheidsfersekering en foar in leger lean. Mei oare wurden: se wurde knetterhurd naait troch harren baas, sa’t de Hûnekop dat sizze soe.
Ik bin it folslein mei jo iens dat dit net troch de beugel kin en dat sokke bazen oanpakt wurde moatte. Mar it probleem mei dizze nije wet is dat it foar ús as echte ZZP'ers ûnmooglik wurdt om ús wurk noch te dwaan. Neffens de nije wet is der nammentlik sprake fan schijnzelfstandigheid as wy as ZZP'ers:
a. lean krije
b. ús wurk 'persoanlik' útfiere
en c. as der in ‘gezagsrelatie’ bestiet
Trije regels dêr't neffens my gjin inkelde ZZP'er ûnderút komt. Betelle wurde foar ús wurk is de basis fan alles. Dat we ús wurk persoanlik sels útfiere en net ús mem stjoere, liket my ek logysk. En dat wy dit dogge yn opdracht fan in baas hat noch nea oars west. It soe dochs nuver wêze as in skilder samar yn ienen jo hûs begjint te farvjen, omdat er dêr sin oan hat. Nee, dat docht er allinnich as jo him dêr opdracht ta jouwe.
Dochs hâlde jo fêst oan dizze trije easken. Dus om oan jo kritearia fan in échte freelancer te foldwaan moatte wy tenei net langer lústerje nei wat de baas tsjin ús seit, de buorman stjoere as we sels gjin sin ha om te wurkjen of der stikem wat swart by beune, sa’t de Hûnekop-mannen dat neame.
Dit probleem jildt trouwens net allinnich foar ús as sjoernalisten, mar ek foar ZZP’ers yn de bou, de soarch, de technyk, en neam mar op. Dêrom oan jo de fraach hear Wiebes, hoe moat it no mei ús? Wy ha it moaiste wurk fan de wrâld, wy hâlde ús eigen broek op en gjinien hat lêst fan ús. Mei oare wurden: wy dogge presys wat in ZZP’er dwaan moat: zwoegen zonder protest.
Bêste steatssekretaris Wiebes, ik wol fan myn suterige seiske graach wer in moaie njoggen meitsje. Dat is in kwestje fan gewoan it sifer omdraaie. En dat is dan ek myn fersyk oan jo: draai de boel asjebleaft sa gau as mooglik werom. Ek nammens de Hûnekop: tige by tige."