Pjutten wurde ekstra foarlêzen yn de Fryske foarlêswike

06 jun 2016 - 07:34

Op Fryske bernedeiferbliuwen, pjutteboartersplakken en by gastâlden wurdt dizze wike omtinken jûn oan it foarlêzen yn it Frysk. Doel fan de foarlêswike is om it brûken fan de Fryske taal te befoarderjen. De organisaasje leit yn hannen fan It Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse en de Tomke-wurkgroep fan de Afûk en Bibleteekservice Fryslân.

Oan it projekt dogge 600 foarlêzers mei dy't oan 12.000 pjutten foarlêze út in Tomke-boekje. 

De wike wurdt al foar de fjirtjinde kear hâlden en is yn de rin fan de tiid hieltiid fierder groeid. It nije Tomke-boekje mei as tema 'talint' is dit jier beskikber yn it Frysk, Stellingwerfsk en Bilts. Dêrnjonken wurdt ek foarlêzen yn it Hylpers, Kloasters en Skiermûntseagersk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)