Partoer Kingma pakt earste keatstitel yn Dronryp

05 jun 2016 - 17:47

De Eise Eisinga partij yn Dronryp is ferrassend wûn troch it partoer fan Enno Kingma, Pieter Jan Plat en Jouke Bosje. Yn de finale wienen se mei 5-2 en 6-2 te sterk foar it partoer fan Hendrik Tolsma, Alle Jan Anema en Erwin Zijlstra. Foar it partoer Kingma is it de earste finalewinst op dit nivo. Jouke Bosje waard útroppen ta kening yn Dronryp.

It haadklasse keatsen by de froulju yn Sint-Anne waard wûn troch it partoer fan Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Wiljo Sijbrandij. Nicole Hempenius en dy waarden mei 5-0 en 6-2 ferslein.

Trefwurden: 
keatsen Dronryp Jouke Bosje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)