Bernebuorkerij Snits wol kamera's tsjin fandalisme

05 jun 2016 - 17:33

It bestjoer fan de bernebuorkerij yn Snits is klear mei de nachtlike besiken oan de buorkerij. Hoewol't it terrein nachts ôfsletten is, binne der ûnbekenden dy't regelmjittich oer de stekken klimme. It bestjoer is benaud dat se de bisten opjeie en boppedat wurde der fernielingen dien. Sa waard koartlyn in grut kabouterhúske fan hout omtreaun en yn stikken brutsen.

Earder dit jier waard der ek al in pear kear ynbrutsen yn de kantine fan de bernebuorkerij. It bestjoer wol no kamera's ophingje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)