Snits Wyt Swart degradearret nei sneinshaadklasse

05 jun 2016 - 17:08

Snits Wyt Swart degradearret nei de sneinshaadklasse. De Snitsers ferlearen snein yn Uden mei 3-0 fan UDI '19. De ploech fan trainer Berry Zandink stie by rêst al mei 2-0 achter yn Brabân en koe dy achterstân nei it skoft net mear reparearje.

Ferline wike kaam Snits Wyt Swart yn eigen hûs net fierder as 2-2, en no moatte de Snitsers takom seizoen definityf in stapke tebek dwaan.

Trefwurden: 
fuotbal Snits Wyt Swart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)