Kuorbal-international Friso Boode kiest foar LDODK

Kuorbalferiening LDODK fan Terwispel en De Gordyk hat wer in grutte namme binnen helle. Friso Boode fan It Hearrenfean spilet takom seizoen by de seleksje. Boode (27) wûn dit seizoen de lânstitel mei TOP út Sassenheim, en pakte ferline jier mei it Nederlânsk team goud op it WK yn België.
Earder spile Boode by Nic. út Grins, en nei trije jier TOP kiest hy no foar Fryslân. Earder waard al bekend dat international Marjolein Kroon by LDODK komt. Nei Erwin Zwart en Kroon is Friso Boode no de tredde oranje-spiler yn de ploech fan Erik Wolsink.