Burgum begjint rêstich oan earste keapsnein

Undernimmers yn it sintrum fan Burgum hawwe oant no ta net in soad ferlet fan de keapsnein. Snein mochten de winkels foar it earst iepen neidat de gemeenteried oardel wike lyn tastimming joech. Allinnich de supermerken en de boumerk Karwei makken fan de mooglikheid gebrûk. Alle oare winkels hâlden de doarren ticht.
By de supermerken wie it wol aardich drok. En ek de Karwei krige mear minsken binnen as earst tocht, sa seit eigener De Boer. Hy wie tegearre mei de eigeners fan de supermerken de inisjatyfnimmer foar de sneinsiepening.
Neffens him sille der de kommende wiken hieltyd mear winkels meidwaan.