Twa auto's botse yn haven fan Lauwerseach

De skansearre auto's wurde fuortsleept © De Vries Media
Twa auto's rekken sneintemiddei swier skansearre by in botsing yn de haven fan Lauwerseach. Nei alle gedachten hat ien fan de auto's de bocht te krap naam en botste dêrby op in tsjinlizzer.
De bestjoerders binne op it plak fan it ûngelok kontrolearre troch ambulânsepersoniel. Se hoegden net nei it sikehûs. In bergingsbedriuw hat de auto's ôfsleept.