Jonges stelle sigaretten by supermerkynbraak De Gordyk

05 jun 2016 - 11:39

De plysje hat sneontemoarn twa jonges fan 17 en 18 jier út Drachten en Eastermar oppakt. De twa hienen ynbrutsen yn in supermerk oan de Skoalstrjitte op De Gordyk. It duo kaam binnen troch in pear stiennen troch it rút fan de winkel te smiten. Se namen sigaretten mei en naaiden út op in fyts.

De plysje koe de jonges inkelde oeren letter oanhâlde op de Van Harinxmawei yn Olterterp. De fertochten sitte noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)