Heakoarts hearsket wer, hichtepunt ferwachte yn juny

© Omrop Fryslân
Troch it groeisume waar fan de ôfrûne wiken hawwe in soad minsken lêst fan heakoarts. Benammen minsken mei in allergy foar stomoal fan gers hawwe dizze dagen klachten. Dit komt troch de waarmte yn maaie en de delslach yn de twadde helte fan dy moanne. Dêrtroch groeide it gers goed.
It hichtepunt fan de heakoarts wurdt yn it Noarden healwei juny ferwachte. Dit duorret nei alle gedachten oant healwei july.