FIDEO: 70 meter lang korps rint troch Snits

In 70 meter lang korps fan Advendo rûn sneontemiddei troch de binnenstêd fan Snits. Dêrmei slút it muzykkorps syn 70-jierrich jubileum ôf.
It feest sette woansdei útein. Doe begûn Advendo mei in slachwurkmaraton. Dy kaam sneontemiddei ta in ein. It muzykkorps hat yn 70 jier tiid yn hast alle Europeeske lannen foar publyk en telefyzje spile, en ek yn Amearika en yn Kanada. Dêrneist hawwe se prizen wûn op it wrâldmuzykkonkoers.
Ek de takomst sjocht der goed út. Fan de 300 Advendo-leden binne der 200 jeugdleden.