Organisaasje Slachte ropt op om wetter út te dielen

De organisaasje fan de Slachtemaraton ropt minsken dy't oan de rûte wenje op om kuierders fan wetter te foarsjen. De organisaasje hat wol soarge foar wetterpunten ûnderweis, mar dat is net genôch. It bliuwt hyt en dan is it tige belangryk dat minsken goed drinken bliuwe. Dat seit Anne Jochum de Vries fan de Slachtemaraton.
De organisaasje hat yn it foar minsken wol frege om ekstra drinkwetter mei te nimmen. Minsken dy't dat net dien ha, ha lykwols ek tusken de wetterpunten yn ferlet fan drinken.
It is tige belangryk om mei it waarme waar goed drinken te bliuwen, seit De Vries. Net in protte tagelyk, mar geregeld  in bytsje. Minsken oan de rûte biede no al spontaan wetter oan oan kuierders. Dat wurdt geweldich wurdearre, seit De Vries.
Dielnimmers binne waarm as se oer de finish komme, sei De Vries om tolve oere hinne. Op dat stuit kamen de lêste hurddravers oer de streek. Dy krigen fuortendaliks wetter. Yn ferbân mei it waarme waar hie de organisaasje al ekstra minsken fan it Reade Krús ynskeakele. It is net drokker as se yn it foar tocht hienen, seit De Vries.
Finishtiid oprekt
De Slachtekuierders dy't sneontemoarn fjirtich minuten wachtsje moasten foardat se starte koenen, hoege har gjin soargen te meitsjen oer de finish. De organisaasje hat de finishtiid oprekt, sadat de kuierders har net oer de kop rinne. Minsken moatte genietsje ûnderweis en net te hastich wêze, seit Anne Jochum de Vries fan de Slachtemaraton.