Yn bousektor driget tekoart oan jonge minsken

Yn de bousektor driget in tekoart oan jonge minsken. Dat lûd wie sneon te hearren op de Dei fan de Bou. Bouprojekten yn it hiele lân dogge op dizze dei de doarren iepen, sadat minsken yn 'e kunde komme kinne mei de sektor. It giet stadichoan wer wat better mei de bou yn Fryslân, wêrtroch der wer mear minsken nedich binne. Foar de krisis wurken der 475.000 minsken yn de bou, no binne dat der 100.000 minder.
Jaring Feenstra is foarsitter fan de belange-organisaasje Bouwend Nederland en fernimt no al dat der in tekoart oan personiel oankomt.
Oplieding
Hy tinkt dat jongeren de lêste jierren minder faak foar in bou-oplieding keazen ha, yn ferbân mei de krisis. Hy ropt jonge minsken no op om te kiezen foar in technysk berop. Feenstra tinkt ek dat banen yn de bou hieltyd better betelle wurde, troch it tekoart oan personiel.
Akwadukt Burgum
Ien fan de plakken dêr't minsken op de bou sjen koene, wie by it akwadukt fan De Sintrale As by Burgum. Minsken koenen foar it earst troch it akwadukt hinne rinne. It is wierskynlik ek de lêste kear, want as de Sintrale As klear is, meie der allinnich mar auto's ûnder it akwadukt troch. It is de bedoeling dat de hiele Sintrale As begjin oktober iepen is.