Erik Negerman nei twadde Slachtewinst: "Op naar de derde!"

04 jun 2016 - 10:00

"Op naar de derde!" Dat is wat hurdrinner Erik Negerman sei nei syn twadde winst fan de Slachtemaraton. Negerman wûn ek de foarige edysje, fan 2012. Yn it foar hie Negerman hope om in persoanlik rekôr te rinnen. Dat slagge net. "Dan moet alles kloppen. Nu was het 42 kilometer solo. Dat zijn niet de ideale ingrediënten om heel hard te lopen."

It is in maraton, seit Negerman, en dan is it belangryk om yn je eigen tempo te rinnen. Je moatte je net tefolle troch oaren beynfloedzje litte. De omstannichheden wiene net ideaal, seit er. "Dat weet je, als je in juni een marathon gaat lopen. Het was onderweg minimaal vijf graden te warm. Het was een hele tocht!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)