Parkearproblemen en files foar start Slachtemaraton

04 jun 2016 - 06:31

By de start fan de Slachtemaraton yn Raerd binne op dit stuit wat problemen mei it parkearjen. Troch de rein fan freed is it parkearterrein te wiet en kinne de auto's net sa fluch ride. Minsken binne troch de fertraging bang om de bussen te missen dy't se nei de start bringe sille.

Projektlieder Immie Jonkman fan de Slachte advisearret de dielnimmers om rêstich te bliuwen. "Gjin panyk, de bussen wachtsje op de dielnimmers en net ien hoecht de start te missen. As it nedich is, kinne we de starttiden ek noch wol wat opskowe".

Op de A32, de sneldyk tusken Ljouwert en It Hearrenfean, is in file ûntstean tusken de ôfslaggen Grou en Raerd. Guon minsken ha wol in oere yn de file stien. Se besykje ek nei oare opstapplakken foar de bus nei de start yn Easterbierrum te ride, mar Jonkman advisearret gewoan nei Raerd te gean.

 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)