Nije ferklearring ChristenUnie yn affêre De Boer

03 jun 2016 - 22:50

De fraksje fan de ChristenUnie yn de gemeente Smellingerlân kaam freed mei in ekstra ferklearring om dúdlikheid te jaan oer it beslút om stipe te jaan oan de boykot fan it bedriuw De Boer. Troch ûnrêst yn de achterban fûn de partij it nedich om wiidweidich út te lizzen wêrom't se de boykot stypje.

De partij, dy't yn it kolleezje fan b. en w. sit, fynt dat De Boer him net ynteger gedroegen hat troch in homoseksuele stazjêr te wegerjen. Neffens de partij hâldt 'ynteger' yn dat in ûndernimmer him hâlde moat oan de Nederlânske wetten.

Troch de feroardieling fan De Boer docht bliken dat it bedriuw dêr net oan foldocht en sadwaande net ynteger is, sa seit de ChristenUnie. Dêrom koe de partij net oars en stypje de boykot fan it bedriuw foar de perioade fan ien jier. De ChristenUnie nimt dêrmei in hiel oare posysje yn as it CDA, dy't fan betinken is dat de boykot troch de gemeente delkomt op it 'dûbeld straffen' fan it bedriuw, dat ommers ek al troch de rjochter feroardiele is.

Veel afkeurende reacties

De kar om de boykot te stypjen wie net ienfâldich, sa seit fraksjefoarsitter Pieter van Zwan fan de ChristenUnie yn Smellingerlân. "Een keus die ons zwaar viel en nog steeds moeite kost door de veelheid aan afkeurende reacties. Als we daar naar gekeken hadden we dit beleid af moeten keuren, dat zou wellicht de makkelijkste weg zijn geweest. Maar dan zouden we geen recht hebben gedaan aan onze eed om naar eer en geweten, zonder aanziens des persoons, de wetten van dit land en de door ons zelf mee gestelde regels in onze gemeente toe te passen", sa seit Van Zwan.

Trefwurden: 
ChristenUnie De Boer boykot
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)