GrienLinks ropt op ta aksje tsjin gasboarring Skiermûntseach

03 jun 2016 - 22:00

De noardlike steatefraksjes fan GrienLinks roppe op yn aksje te kommen tsjin de gasboarrings by Skiermûntseach. Se binne tsjin it beslút fan minister Kamp fan ekonomyske saken om proefboarrings út te fieren yn de Waadsee by Skier. Foarsitter Retze van der Honing neamt it beslút fan Kamp ûnakseptabel. Hy wol dat Fryslân yn ferset komt tsjin de plannen fan de minister.

"Gaswinning moat hoe dan ek ôfrûn wêze, seker as it om sa'n moai, ûnoantaaste natuergebiet as Skiermuontseach yn it Natura 2000 gebiet de Waadsee", seit de partij.

"It wurdt tiid om de fiksaasje op ierdgas los te litten en ús folslein te rjochtsjen op duorsume enerzjy", sa seit steatelid Retze van der Honing fan GrienLinks.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)