Nard Brandsma wint ljepperij Bûtenpost mei in PR: 20.97 m

Topklasser Nard Brandsma is net te hâlden. Hy ljepte by de fjirde wedstriid fan it seizoen yn Bûtenpost nei in nij persoanlik rekôr: 20.97 meter. Yn de topklasse wie it twadde plak foar Oane Galama. Hy ljepte 20.48 meter. Sytse Bokma fan Hylpen waard tredde mei 19.18 meter. Bart Helmholt stelde teloar. Hy sprong twa kear wiet en ien kear 16.10 meter en miste dêrtroch de finale.
Yn de kategory junioaren gie de titel nei Freark Kramer mei 18.69 meter. Bysûnder wie dat Simon Willem Hoeksma út Ie in nij persoanlik rekôr sprong fan 18.43 meter.
By de froulju wûn Marrit van der Wal foar it earst net. Se waard twadde mei 14.25 meter. De winst gie nei regearjend Frysk kampioene Hiske Galama; 15.42 meter. Yn de kategory jonges wûn Wietse Nauta fan Drylts mei 16.24 meter. Hy is dit seizoen in klasse apart, want dit wie syn fjirde oerwinning op rige. By de famkes wûn Sigrid Bokma mei in sprong fan 14.70 meter.