Boekhannel Van der Velde iepenet Slauerhofftún yn Ljouwert

03 jun 2016 - 21:31

Yn Ljouwert waard freedtejûn efter boekhannel van der Velde de Slauerhofftún offisjeel iepene. De boekhannel bringt mei de tún in oade oan dichter Jan Jacob Slauerhoff. De tún sil plak biede oan literêre eveneminten, mar is der ek om in bakje kofje te drinken en in boek te lêzen. Neffens direkteur Ad Peek fan de boekhannel is dat wichtich om mear bining te krijen mei de klanten.

Byldzjend keunstner Hein de Graaf hat foar de tún in stikmannich keunstwurken makke, dy't ynspirearre binne op Flylân.

Hjir ferbleau Slauerhoff elts jier in pear moannen by famylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)