Fryske helpferlieners nei Urk foar help nei gaseksploazje

03 jun 2016 - 21:23

It team spesjalisten technyske helpferliening noard fan de brânwacht is freed fanút de Drachtster kazerne nei Urk gien om te helpen nei de grutte eksploazje dy't dêr mei-inoar seis huzen fernielde. Troch de slimme eksploazje rekke in ûnbekend oantal minsken ferwûne. Sy waarden mei ambulânses oerbrocht nei ferskate sikehuzen.

In rige fan seis wenten oan de Grote Fok waard folslein fernield of yn alle gefallen slim skansearre troch de gaseksploazje en de brân as gefolch fan dy eksploazje.

Neffens boargemaster Van Maaren fan Urk wie it gas troch graafwurk yn it rioel bedarre. It wie foar de helptsjinsten lestich wurkjen op Urk, omdat de strjitte iepen lei fanwege wurksumheden. Boppedat moast Liander de gasoanfier yn it gebiet ôfslute foardat de brânwacht begjinne koe mei it bluswurk.

Njonken it team spesjalisten technyske helpferliening hawwe ek ferskate plysjeminsken út Fryslân harren kollega's fan Flevolân holpen. Alle bewenners yn in gebiet fan 200 meter om de Grote Fok hinne waarden evakuearre en opheind op it gemeentehûs. It publyk waard oerenlang op ôfstân hâlden. It wie foar it earst dat it team spesjalisten technyske helpferliening noard yn aksje kaam. It team is pas sûnt woansdei operasjoneel. Der binne yn Nederlân fiif fan sokke teams. Twa dêrfan wiene oanwêzich by de grutte brân op Urk; team oost mei stânplak Zwolle en team noard út Drachten.

Trefwurden: 
Urk gaseksploazje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)