Omwenners fleanbasis by de F-35 'op besite'

Hûndert omwenners fan fleanbasis Ljouwert wiene freedtemiddei te gast op de fleanbasis om neier yn 'e kunde te kommen mei de nije F-35. Se wiene útnoege troch basiskommandant Denny Traas. De gasten wiene by it opstigen fan de F-35 en koene yn de cockpit fan de strieljager sjen. Fierder ha se praat mei ferskate minsken dy't belutsen binne by de F-35.
Ek ha se praat mei minsken fan it F-35 detasjemint en fleantúchbouwer Lockheed Martin én mei de kommandant fan de fleanbasis, Denny Traas.
Traas is tefreden oer de dei op de fleanbasis. "We hebben de omwonenden op visite gehad en een mooi programma voorgeschoteld. Ze hebben ervan genoten. Het was een geslaagde dag", sa seit Traas.