Trainer Robert Roelofsen fan Faroëreilannen nei Saarbrücken

03 jun 2016 - 18:04

Ald-Drachtster Robert Roelofsen wurdt takom seizoen assistint-trainer by FC Saarbrücken. De klup komt út yn de Regionalliga, de op trije nei heechste fuotbalklasse yn Dútslân. Roelofsen wie yn itselde lân earder al assistint by VFL Wolfsburg en jeugdtrainer by SC Nürnberg en Hansa Rostock.

Roelofsen wurke dit seizoen op de Faroëreilannen as haadcoach fan TB 1892 Tvoroyi.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)