Man tosken los slein yn Drachten

© Omrop Fryslân
In Drachtster (26) rekkke freedtemiddei út de tiid, nei't er mishannele waard troch in bekende. It slachtoffer rûn troch de mishanneling in harsenskodding en in skuorde lippe op. Ek sitte in tal tosken los trochdat er klappen yn syn gesicht krige.
It slachtoffer wurdt freed yn sikehûs Nij Smellinghe operearre oan syn ferwûnings. De fertochte (25) komt út Ljouwert en is in freon fan it slachtoffer. Syn namme is yntusken bekend by de plysje. Hy sil sa gau mooglik oanhâlden wurde.
It is noch net dúdlik wêrom't de twa manlju spul hiene.