Liveblog: 15.000 minsken rinne de Slachtemaraton

It is de dei fan de fiifde Slachtemaraton. Sa’n 15.000 minsken rinne 42 kilometer oer de Slachte fan Easterbierrum nei Raerd. Omrop Fryslân stiet wiidweidich stil by dit evenemint. Folgje de hiele dei yn dit liveblog wat der bart op en lâns de rûte. En wat der op de sosjale media is te finen oer de Slachte.
Op Omrop Fryslân radio skeakelje wy tusken 6.00 en 18.00 oere mei ús ferslachjouwers op ferskate plakken fan de rûte. Op telefyzje is de Slachtemarathon fan 12.00 oere ôf live te folgjen. En om 18.15 oere is der in spesjaal programma wêryn’t weromsjoen wurdt op de dei. Op omropfryslan.nl/slachte en de omrop-app ha wy ferskate livestreams. Sa is ferslachjouwer Miranda Werkman de hiele dei te folgjen fia in kamera, se is ien fan de dielnimmers. En ek op de finish stiet in kamera.
(Ferfarskje jo side foar de lêste berjochten troch op F5 te drukken.)