''Ynternet is in opkrongen fenomeen''

03 jun 2016 - 13:41

''Troch de belestingtsjinst, banken en saken as 'mijn overheid' is ynternet in opkrongen fenomeen. Al soene je wolle, je kinne der net sûnder''. Dat wie ien fan de reaksjes op Ljouwerter freedsmerk nei oanlieding fan it berjocht dat 92% fan de Nederlânners online is. It CBS makke dy sifers freed bekend.

Op de freedsmerk troffen we opmerklik folle minsken dy't ynternet net brûke, mar ek hast-ferslaafden. Fierder fertelde in campinghâlder dat de earste fraach dy't gasten stelle is: is hjir WIFI? 'En as it der net is, ride se troch.'

Trefwurden: 
ynternet CBS Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)