Grinsrjochter Zeinstra: ''Nij haadstik yn myn jongesboek''

03 jun 2016 - 12:27

As it oan grinsrjochter Erwin Zeinstra lei, is it al nije wike freed. Op dy dei set it EK fuotbal yn Frankryk útein en dêr sil de Rypster grinsrjochter aktyf wêze. Tegearre mei skiedsrjochter Björn Kuipers en kollega-grinsrjochter Sander van Roekel sil Zeinstra yn Frankryk in oantal wedstriden liede. Hokker duels it Nederlânsk skiedsrjochtersteam yn goeie banen liede sil, wurdt letter dúdlik. Moandei stappe se yn it fleantúch nei Parys.

It is foar Zeinstra in nij hichtepunt yn syn karriêre

Earder flagge de grinsrjochter út Dronryp al op it EK fan 2012, op de Confederations Cup yn 2013 en op it WK yn 2014. "Dit is wer in nij haadstik yn myn jongesboek", fertelt Zeinstra. Dit seizoen hiene Kuipers en syn assistint-skiedsrjochters al de lieding by de kwartfinale fan de Champions League en de heale finale fan de Europa League. Dêr went Zeinstra net oan: "It wurdt nea gewoan. It is wol bysûnder dat dit ús tredde eintoernoai wurdt."

Dreame fan finale

It grutte doel fan Zeinstra-en-dy is om de finale fan it EK te dwaan. Twa jier lyn op it WK wiene se der al tichtby, mar doe smiten de goeie prestaasjes fan it Nederlânsk alvetal roet yn it iten. Neffens Zeinstra meitsje se dit jier in kâns op de finale, allinne moatte se dan gjin flaters meitsje yn de groepswedstriden. Boppedat binne der mear dy't derfoar yn oanmerking komme. "It is net fanselssprekkend dat we de finale dwaan meie. Der binne noch mear kânshawwers."

Spitich

De Fryske grinsrjochter fynt it al spitich dat Oranje him net pleatst hat foar it toernoai. Der is no gjin sprake fan Oranjekoarts yn it lân en dat fernimt ek Zeinstra. "It libbet no folle minder." Dochs binne Kuipers, Van Roekel en Zeinstra der hielendal klear foar. "Om my kin it moarn wol begjinne", fertelt Zeinstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)