Frachtweinen botse tusken Eastersee en Sint-Nyk

03 jun 2016 - 12:12

Op de A6 tusken Eastersee en Sint-Nyk binne freedtemoarn tsjin healwei alven twa frachtauto's opelkoar botst. Ien fan de bestjoerders klapte achterop in oare frachtwein. De kabine fan de achterste frachtauto rekke folslein fernield. Der rekke net ien ferwûne by it ûngelok. De sneldyk lei fol mei brokstikken.

Rykswettersteat hat de beide rydbanen ôfsletten. It ferkear moast oer de flechtstreek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)