Balk Vooruit is benaud foar feroaring fan regels âld papier

03 jun 2016 - 11:56

Pleatslik Belang Balk Vooruit is benaud dat skoallen, ferienings en tsjerken yn De Fryske Marren tûzenen euro's misrinne no't de gemeente de regels foar it ynsammeljen fan âld papier feroarje wol. Alle húshâldens krije har eigen kontener foar âld papier. De gemeente hopet dat der dêrtroch minder papier yn de kontener foar restôffal telâne komt. Dat betsjut wol dat in soad klups dizze opbringsten misse moatte.

Ferienings en skoallen yn it eardere Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat helje it âld papier no noch by de minsken thús op. Dat is dalik gebeurd, omdat de gemeente de ynsammeling oeral gelyk ha wol. Pleatslik Belang Balk Vooruit tinkt dat de gemeente folle better ynsette kin op in bettere foarljochting oer it skieden fan ôffal. Ek hawwe se op ynternet yntusken in poll setten om te ynventarisearjen wat minsken fine fan de ferskate manieren fan papierynsammeling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)