Fryske bands 13 Steps en Kjeld iepenje Dokk'em Open Air

In oar festival, yn Dokkum. © Omrop Fryslân, Lars Hoekstra
It festival Dokk'em Open Air iepenet dit jier mei twa Fryske bands. Op 24 juny giet de Ljouwerter band 13 Steps as earste it poadium op. In dei letter soarget de Frysktalige metalband Kjeld foar it earste optreden fan de dei. It is tradysje dat de iepeningsact fan Fryske boaiem komt. De organisaasje die in oprop yn de media en dêrop reagearren 25 bands.
In sjuery fan saakkundigen hat dêr úteinlik in kar út makke. Omdat der net ien dúdlike winner wie, is derfoar keazen om op beide dagen mei in Fryske band te begjinnen.